Boppe de mar wjerspegelet it grutte glês it byld fan
Syracuse, de molkewite breid dy’t wachtet en noch
gjin aan en gjin betsjutting hat.
It ljochte lichem sûnder klean is as in teare ingel dy’t
rûnom alles reflektearret mar tagelyk in tagong liket
nei in oare wrâld.
Sy sweeft dêr heech en neaken en net te rikken yn
it blauwe neat en freget skruten oan my wat in skip
har mooglik bringe kin.
Ien brocht oan my in mar fan wachtsjen sis ik, hast
oan myn mage ta. Noch lyts wie ik, wylst waard ik
widze op in knibbel.
Ien brocht oan my in see fan langstme sis ik, hast
oan myn hertslach ta. Noch lyts wie ik en slomjend
myn ferwachtsjen.
Ien brocht oan my in stream fan freegjen sis ik, hast
oan myn lippen ta. Noch lyts wie ik, hie amper taal
om yn te praten.
Ik sis tsjin har, net yn in skildering fan wiete wolken
bisto finzen, net yn inkeld twa diminsjes. Dit blauwe
neat is dyn begjin, do bist no by de râne dêr’t net
in minske bliuwe kin.
Wat fêst sit as in hûs fan stien dat lûkt it streamend
wetter los, wat swier as liem en izer is en sinke wol
moat driuwe.
Ik sis tsjin har, in weachstik is it mar kinst dy hoeden
falle litte út dyn heech domein. Mooglik fynst it antlit
fan de jonge seeman Thinsulate, syn wiete noas, syn
lytse mûle, njonken dy.
De marboei is een project van Marrekrite & de moanne concept, vormgeving & website: BW H ontwerpers Fotografie & video: Remco de Vries