selecteer uw marboei

of

geef uw positie door

 
NLFRL

Eeltsje Hettinga

Âldegeaster Brekken

 

YN IN UTHOEKE FAN IT HIELAL


Wurkskip is it wurd op ’e dronkene
wetters fan de skommeljende Bombrek.

Dêr’t it swurk tonger seit, hâldt de loft
de duvelskoppen fan Breughel en Bosch.

Seilen ride op ’e reiden, skowe as
blauwe triangels troch pleats en mole.

In reager – wy neame him Maarten –
bedjippet ûnder Sânfurd de hichten fan

de puollen, sa’t ik yn in oanhâldend
ferlangen nei in taal dy’t ûnder wetter is

de skaden begnúf fan alle oan it ljocht
te bringen wytfisk. Yn wâlen, mei

sarkstiennen beskoeid, sprekt de oere fan
de deaden. Wat moat ik hjir, dit plak dat

de fraach berûzet wat men mear is as
in ferlerne skoech yn in úthoeke fan

it hielal? De skipper sjucht my oan, kel
as in snoek en set – hurry-up – gas-gas.