selecteer uw marboei

of

geef uw positie door

 
NLFRL

Elmar Kuiper

Zwarte Brekken

 

Hiemsiik


komst wer thús as in hûn dy’t nei in nacht fol
besauwing de tonge rôlje lit oer in rau steed
wolst der oer prate mar bist oan ’e kont ta wiet
en hiemsiik joust dy del yn ’e lijte fan har ljisken
joust dy oer as in boarre dy’t him skobje lit wolst
der oer sjonge yn in himelsk liet of longerest om
yn dyn hûs dêr’t de lêste god ôfljochtet wêrom
leaust net yn it wurd

wolst koese mei in golfbal tusken de tosken o
leave de wrâld leit my sljocht genôch as de wyn
oer it reid streaket de sinne swalket tusken de
weagen kin der gjin glimke ôf kin der neat oars
sein wurde fyn ik dyn eagen hol as de mar wylst
de pau kriest oan ’e kime de earrebarre oer de
deastutsen greide syn flok útkoarret