selecteer uw marboei

of

geef uw positie door

 
NLFRL

Arjan Hut

Burgumer Mar

 

Burgumer Mar


Sa’t in bern mei kleurpotleaden tinkt fan

de mar is blau

sa miende ik dat it wetter

tsjin my flústerje soe

as in winterdream of in geheime leafde

wylst ik mimere

oer libje mei opsetsin

en wat it is om iepen te stean

foar it bestean

mar doe – klots, klots, klots! –

hapte it wetter

ús tsjin de noardewyn yn stjittend boatsje op

en kaptein Jitse (73 jier)

dy rôp ynienen

‘skeppe bliksem!

skeppe! om it leven!’

en wy skepten

op ús knibbels

it wetter yn de mar werom

en flústeren ‘ferdomme’

mei blauwe fingers

en in pompend, pompend hert.